Klik op 'e earste letter fan it Fryske tiidwurd datst sikest:
Klik op 'e earste letter fan it Nederlânske tiidwurd datst sikest:
It doel fan dit webstee is alle Fryske tiidwurden mei de Nederlândske oersetting te sammeljen. Sa kinne de tiidwurden maklik fûn wurde. Se binne tagonklik en praktysk brûkber. In stipe foar elkenien om it Frysk te learen en te ferbetterjen.
Om it gebrûk maklik te meitsjen binne de bûgingen fan ûnregelmjittige tiidwurden yn detail opnommen mei notiid, doetiid, mulwurd en foarbylden (sjoch b.g. sjen). De bûgingen fan regelmjittige tiidwurden wurde generyk beskreaun op 'e Ynfo-side.
Op dit webstee fynst gjin grammatika, taalkundige ûntledingen of wittenskiplike ferhannelingen. Dêrfoar kinst terjochte by offisjele publikaasjes.
De teller
stiet op
14.070
tiidwurden
Nije wurden binne wolkom!
De tiidwurden binne foaral sammele troch famylje, freonen, besikers fan dit webstee, oare websteeën, de Fryske Akademy en fansels de redaksje. It is hast net te leauwen dat der sa'n soad tiidwurden binne.
Dochst ek mei?
Hast Fryske tiidwurden dy't noch net op dit webstee steane? Of hast in korreksje of oanfolling?
Stjoer in e-mail mei dyn bydrage nei
tiidwurden@gmail.com.