Op dizze side lêst oer de neikommende ûnderwerpen:
fryske-akademy.nl
De Fryske Akademy is in ynstitút dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan 'e Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij.
De Akademy hat bydroegen oan 'e Fryske stavering en it meitsjen fan Fryske wurdboeken.
frysker.nl
Handige taalhelpmiddels fan 'e Fryske Akademy foar in flaterfrij Frysk mei haadstikken Sykje, Hifkje, Oersette en mear. De oersetter is in oanrieder!
frysker.nl/paadwizer
Foar de leafhawwers, ek fan 'e Fryske Akademy: de wiidweidige paadwizer mei staveringsregels.
afuk.frl
De offisjele webside fan 'e Algemiene Fryske Underrjochts Kommisje (Afûk) mei withoefolle helpmiddels
foar de Fryske taal.
taalhelp.frl
In aparte webside fan Afûk mei tips, fergeze helpmiddels en wurdspultsjes.
praatmarfrysk.nl
Frysk prate, leare, lêze... it kin allegear op dizze webside fan Afûk.
henkwolf.nl
De meast ferneamde Fryske taalkundige mei in soad learmateriaal op syn webside.
ivdnt.org
Fan it Instituut voor de Nederlandse taal: historische woordenboeken Nederlands en Fries, ynklusyf it grut Frysk wurdboek (WFT).
oersethelp.nl
Noch in oersetter.
ffu-frl.eu
List mei -je tiidwurden fan 'e Feriening Frysk Underwiis.
fy.wikipedia.org
List fan sterke tiidwurden yn it Frysk fan WikipedY, de frije ensyklopedy.
Fia de
haadpagina
noch in protte mear Fryske ûnderwerpen.
fy.wiktionary.org/wiki/Wikiwurdboek:Haadside
De Fryske ferzje fan it Wikiwurdboek mei mear as 14.500 siden!
frisianwordbook.com
Frysk wurdboek mei ûnder oare "Verbs", ynklusyf útspraak.
Dit is in ûnderdiel fan
learnfrisian.com
omropfryslan.nl/fy
Moaie reportaazjes, deistige nije ûnderwerpen en fansels it lêste nijs.
goeie.frl
Foar de rykdom fan Fryslân.
Webside fan
De Fryske Beweging .
tresoar.nl
Tresoar dûkst de skiednis fan Fryslân yn.
Tip: Sykje mei Google yn it Frysk. Gean nei google.nl en klik op 'e ferwizing nei it Frysk:
(klik op 'e ôfbylding foar in fergrutting)
Oersetter fan 'e Fryske Akademy en Afûk (fergees)
Dizze app is in handich wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlândsk-Frysk en
kin ek langere teksten oersette.
Tik hjirûnder op it ikoantsje fan 'e Apple App Store of de Google Play Store om nei de app te springen:
Praat mar Frysk fan Afûk (fergees)
Foar it oersetten fan wurden en teksten, sawol Frysk-Nederlândsk as Nederlândsk-Frysk.
En alle wiken in nije "Blinder of blunder"-toets. Spitigernôch wurket de Android app net op alle apparaten.
Tik hjirûnder op it ikoantsje fan 'e Apple App Store of de Google Play Store om nei de app te springen:
Prisma Woordenboek Fries (betelle)
De digitale ferzje fan it bekende pocket wurdboek, ynklusyf útspraak!
Tik hjirûnder op it ikoantsje fan 'e Apple App Store of de Google Play Store om nei de app te springen:
(Boartsje mei) Tomke fan Afûk (fergees)
Mei de Tomke-app kinne bern fan 2 o/m 6 jier sels ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en Tomke-filmkes besjen.
Tik hjirûnder op it ikoantsje fan 'e Apple App Store of de Google Play Store om nei de app te springen:
Tip: Hoe'tst in app op dyn iPhone of iPad setst, kinst hjir lêze op 'e webside fan Adam Computerhulp. Hoe'tst in app op dyn Android smartphone of tablet setst, kinst hjir lêze.
Tiidwurden, Dick Eisma en Jan Popkema, útjouwerij Afûk
It boekje Tiidwurden jout in algemien oersjoch fan 'e tiidwurden yn it Frysk: de betsjutting, it plak yn 'e sin en de foarmen dêr't se yn foarkomme.
Basisgrammatica Fries, Jan Popkema, útjouwerij Afûk
Mei dit boek kinst op in noflike en effektive wize de grammatikaregels fan it Frysk leare of ophelje.
It boek helpt om it deistige Frysk better te begripen en ta te passen.
Grammatica Fries, Jan Popkema, útjouwerij Afûk
Dit is in taallearboek en in neislachwurk.
It is net allinne bedoeld foar net-Friezen dy't Frysk lêze of mear oer dy taal witte wolle, mar ek foar Fryskpraters dy't harren taal better kennen leare of brûke wolle.
Mei dit boek kinst ôfstudearje yn 'e Fryske taalwittenskip.
Prisma pocketwoordenboek Fries, Janneke Spoelstra, útjouwerij Prisma
Frysk-Nederlânsk en Nederlânsk-Frysk yn ien bân. Hânsum en tagonklik foar gebrûk op skoalle en yn it deistich libben.
e-Book Wat en hoe taalgids Fries, Rienk de Haan, útjouwerij Kosmos
In ienfâldige taalgids om 'e basis fan it Frysk te learen.
e-Book De kleine Fries voor Dummies, Janneke Spoelstra, útjouwerij MUS
In tagonklike en praktyske kennis meitsje mei it Frysk.
Op 'e websides fan dbnl.org (Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren) en delpher.nl fynst in soad fergeze Fryske boeken, sa as:
Klik op in boekomslach om it te iepenjen.
Op 'e webside fan dbnl.org fynst âlde Fryske wurdboeken. Klik hjirûnder op in wurdboek om it te iepenjen.
Friesch Woordenboek, 1900, Eerste deel A-H
Friesch Woordenboek, 1903, Tweede deel I-P
Friesch Woordenboek, 1911, Derde deel R-W en Nalezing
Frysk Wurdboek, 1952, Nederlânsk - Frysk