Tusken de fjouwerkante heakjes [ ] stiet de ynfinityf fan in tiidwurd en de winske bûging. Typ ûnder de sin de korrekte bûging fan it tiidwurd en klik op 'e Test-knop om dyn antwurd te kontrolearjen.
1. Ik [rinne - notiid] elke dei in flink stik, dat is goed foar 'e sûnens.
2. De wiersizzer [foarsjen - doetiid] dat ik in lang libben hawwe soe.
3. Jimme [lêze - doetiid] eartiids altyd ferhaaltsjes foar by it op bêd gean.
4. It bestjoer is byinoar [roppe - mulwurd] foar in ekstra gearkomste.
5. Hawwe jo ek wat [jaan - mulwurd] foar it goede doel?
6. De teäterbesikers [drinke - doetiid] noch in gleske nei de foarstelling.
7. Yn it tredde fearnsjier is de omset mei 20 persint [tanimme - mulwurd].
8. Ik leau it net, do [meitsje - notiid] in grapke.
9. Mei in soad muoite koe de reedrider har belagers [foarbliuwe - notiid].
10. It wie 10 oere jûns en ik [hawwe - doetiid] noch safolle húswurk te meitsjen.