Tegeltsjes mei de moaiste Fryske sprekwurden en siswizen
Klik op in tegeltsje om nei it tiidwurd te springen
Mei sizzen is it net te dwaan De hazze en de slak hawwe op deselde dei nijjier Dy't in hûs bouwe wol, moat earst de spikers telle Dy't nea tiid hat, kin der net mei omgean Foar de wyn is elts in hurdsiler Alde beammen litte har net maklik ferplantsje Wy kinne wol tagelyk sjonge, mar net tagelyk prate Men moat it seil nei de wyn hingje litte Wat net kin, is noch nea bard Fan frijen komt krijen Ik bin noait te let, sy begjinne gewoan fierstente betiid De tiid hâldt gjin skoft In fette keuken jout in meager erfskip Men ken de minsken it bêst as men mei har erve hat It binne net allegear hilligen dy't faak nei tsjerke gean Wêr soenen wy wêze sûnder hoop Somtiden soest wolle dat juster nea foarby gong om’t hjoed alles oars is Hûnen dy't blaffe, bite net As it geweld begjint, hâldt it rjocht op Dy't A seit moat ek B sizze De wyn yn 'e holle makket faak in gek yn 'e mûle Dy't it measte dogge, meitsje de minste drokte Dy't wyn sieddet, sil stoarm rispje De moaiste appels lizze foar it finster In frouljusrok lûkt mear as in span hynders Oant sjen, sei de bline; fan 't selde, sei de dôve Yn trije terminen betelje: no net en dan net en noait net Gjin gerop en gjin geklei, op is op en wei is wei Goed ark is 't heale wurk In bliere laits en in fleurich gesicht meitsje faak slimme dingen licht De ein draacht de lêst Avesearje as jo tiid hawwe, dan hawwe jo tiid as jo avesearje moatte In lyk man is in ryk man Dy't skriuwt, dy't bliuwt As men jild yn 'e bûse hat, kin men oeral folk roppe Dy't in oar kjimme wol, moat sels gjin lús hawwe Lichemstaal, de wurden binne net sa dreech, mar dy ferrekte grammatika Dy't net weaget dy't net wint Wa't him op glêd iis weaget, moat net eamelje as hy op syn snút falt Twa hûnen fjochtsje om in bonke, de tredde giet der mei hinne As men it mei de hoed fertsjinje kin, moat men gjin pet opsette Nimmen kriget in wurklist foar syn libben Fûgels mei te folle fearren fleane net heech Ienris goeddwaan is better as twaris ûnthjitte Doe't it keapjen yn 'e wrâld kaam, is it jaan ophâlden Men moat it izer smeie as it hjit is Hy rekkenet him ryk en telt him earm Dy't swijt, stimt ta Dy't apels fart, dy't apels yt Dy't in bulte begrypt, kin ek folle ferjaan Beried giet foar de died Pikerje net, it komt doch oars Wa't wol, dy kin Fûgels dy't heech fleane, moatte nei de grûn om te iten Better yntiids weromgien as kwealik trochgean De lêste leadtsjes wage swierst Yn minskelân stride leauwe en ferstân In foks ferliest syn hier wol, mar syn streken net De wrâld is goed, mar de minsken koenen better Wês in sinnestriel, in oar hat der ferlet fan Skippers skoftsje net as se sile kinne Dy't yn 'e hel wend is, wit fan 'e himel neat Moatst net oant moarn útstelle watst hjoed troch oaren dwaan litte kinst Ik hâld fan wurkjen, ik kin der oeren nei sjen As der ien hûn blaft, begjinne se allegearre De meagerste miggen bite it fûlst Bliuw by de grûn, dan falsto net Hy sit op it jild as de duvel op 'e siele Mei wiersizzen wurdt mear fertsjinne as mei wierheidsizzen It lêste himd hat gjin bûsen In kwea namme rint fuort as diggelfjoer Tariede is it heale wurk De bêste stjoerlju steane oan wâl Folgje dyn hert, want it kloppet De man yn 'e herberch en 't wiif op besite, dat is it begjin fan kleien en kriten Komt tiid, komt ried Ynspraak sûnder ynsjoch jout útspraken sûnder útsjoch Wa't in grêf dolt foar in oar, falt der sels yn Men fangt mear miggen mei sjerp as mei jittik Fan klinken en drinken komt hinkjen en sinken Dy't lêst laket, bêst laket Der is noch noait in brânkast efter in lykwein oan riden Elk hat syn pop der't er mei boartet Ien gek kin mear freegje as sân wizen beäntwurdzje kinne In wurch man fielt gjin hurd bêd Earrebarren en froulju meie graach heech nestelje Dy't folle seit, moat folle wiermeitsje De grutte fisken ite de lytse Slút freonskip mei dyn buorman, mar brek it sket net ôf In sittend gat kin in bulte betinke Men moat gjin âlde skuon fuortsmite foar't men nije hat Sprekken is sulver, swijen is goud As de dieden sprekke, binne de wurden oerstallich Wa't farre wol, moat stoarmen noedzje As de earmoede de doar yn komt, fljocht de leafde it finster út Elts hat genôch foar syn eigen doar te feien Men moat net mear túch opsette as it skip drage kin Hege wurden brekke gjin swurden As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin In bytsje bryk is minske lyk De tiid is uzes meielkoar Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries Dy't heech sjocht, stjit de teannen Men kin in stien wol yn 'e loft smite, mar dêr leart er gjin fleanen fan Fan freegjen wurdt men wiis Lear fan juster, dream fan moarn en libje hjoed Geduld is in blomke dat net yn in protte tunen groeit Dy't it measte praat dy't it minste seit In âld man kin men wol yn 't rinnen, mar net yn ried foarbykomme Dy't himsels rêde kin, hoecht nimmen nei de eagen te sjen Dy't de wiere prins siket, moat in protte kikkerts tútsje Men moat net alles sizze wat men wit, mar wol alles witte wat men seit Lûd sprekken follet gjin sekken Dy't oer in balke springt, moat oer in strie net stroffelje De klok skyt oeren, sei de faam, as ik in frijer ha In hûn by in bonke ken gjin freonen It sit leaver ûnder de ko, sei de boer, as ûnder de notaris Eigen kwea stjonkt net Dy't wat sykje wol, kin altyd wol wat fine Wat yn it fet is, bedjert net Lilk wurde is minsklik, lilk bliuwe is duvelsk Wês dysels, der binne al safolle oaren Jild te winnen is mear nocht as jild te ervjen In trouwe hin leit de aaien thús Tiid ferspylje is jild ferspylje Men kin net oer twa sleatten tagelyk springe Sin en wille kinne folle tille Nei rein komt sinneskyn Dêr't men mei útgiet, dêr moat men ek mei thúskomme As dwaan net docht, is litten better Dy't gjin kwea belibje wol, moat ier stjerre Ast dyn eigen paad folgest ferdwaalst nea Men moat libje as freonen en rekkenje as fijannen Al wa't wend is Frysk te sprekken, hoecht him hjir net te ferbrekken Wol it net sile, dan moat it driuwe Neat dwaan is kwea dwaan Earm libje om ryk te stjerren is gekkeljus dwaan Men moat de minsken nimme sa't se binne en net sa't se wêze moatte Watst yn dyn hert bewarrest, rekkest nea wer kwyt As elk op himsels past, rekket nimmen wei It rôlet sa't it rôlje wol De pot ferwyt de tsjettel dat er swart is Dêr't men jin foar útjout, dêr wurdt men foar holden Hearre, sjen en swije, dan kin men in soad bedije De wierheid lit him wol sizze, mar net hearre As men ien heart, dan heart men de helte Jild moat rôlje Wat de frou graach mei, yt de man alle dagen Al dwaande leart men De bêste wize om in freon te krijen is der sels ien te wêzen Alder wurde hat in foardiel: it ferjitten giet hieltyd better As de foks dûmny is, mei de boer syn guozzen wol neigean Kin net leit op 't tsjerkhôf en wol net leit derneist In drinker siket in klinker, mar in fraat is eigenbaat