Top 100 fan meastbrûkte regelmjittige tiidwurden
Klik op in tiidwurd foar ferbûgingen en foarbylden
Tip foar it sykjen:
it is net nedich om aksinttekens foar lûden te typen.
B.g. "brane" jout ek brâne.
Klik
hjir foar mear tips.
Ferbûgingen
Hjirûnder steane de ferbûgingen fan 'e 100 meastbrûkte regelmjittige tiidwurden.
antwurdzje - antwoorden
Regelmjittich tiidwurd
ik antwurdzje
do antwurdest
hy antwurdet
wy antwurdzje
ik antwurde
do antwurdest
hy antwurde
wy antwurden
ik haw antwurde
Foarbylden:
- De minister beäntwurdet Keamerfragen yn it Frysk.
- Wy dogge it tegearre, antwurde de aksjefierder.
- As jimme 'ja' antwurde hawwe op ien fan dizze fragen, dan krije jimme in ekstra punt.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
bakke - bakken
Regelmjittich tiidwurd
ik bak
do bakst
hy bakt
wy bakke
ik bakte
do baktest
hy bakte
wy bakten
ik haw bakt
Foarbylden:
- Moatst it izer tichtknipe en de pankoek oan beide kanten bakke.
- Fan 'e 100 ûndersochte bakkers wienen der mar 30 dy't de oaljekoeken goed bakten.
- Oan 'e ein fan 'e dei meitsje we bekend wa't de lekkerste spekkoeke bakt hat.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
beheare - beheren
Regelmjittich tiidwurd
ik behear
do behearst
hy beheart
wy beheare
ik behearde
do beheardest
hy behearde
wy behearden
ik haw beheard
Foarbylden:
- Hjir fine jo mear ynformaasje oer it behearen fan jo gegevens.
- De frijwilligers behearden it jild út 'e kampanje.
- De organisaasje hat mear as 10.000 LinkedIn-akkounts beheard.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
belje - bellen
Regelmjittich tiidwurd
ik belje
do bellest
hy bellet
wy belje
ik belle
do bellest
hy belle
wy bellen
ik haw belle
Foarbylden:
- Belje, mail of app foar mear ynformaasje.
- Ik belle fuortendaliks 112 nei it autoûngemak.
- Ik haw belle mei de Gemeente om te freegjen nei subsydzjemooglikheden.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
bestelle - bestellen
Regelmjittich tiidwurd
ik bestel
do bestelst
hy bestelt
wy bestelle
ik bestelde
do besteldest
hy bestelde
wy bestelden
ik haw besteld
Foarbylden:
- Wa't benijd is nei alle ferhalen kin it boek yn 'e webshop bestelle.
- De kriminelen bestelden foar tûzenen euro's oan kompjûters, mar betellen nea.
- Dit is de twadde kear dat ik dizze spesjale útjefte besteld haw.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
betelje - betalen
Regelmjittich tiidwurd
ik betelje
do betellest
hy betellet
wy betelje
ik betelle
do betellest
hy betelle
wy betellen
ik haw betelle
Foarbylden:
- De Tomke-app foar bern is fergees. Moatst fansels betelje foar de
Prisma wurdboek-app.
- Om't de oertrêders de boete net betellen, rûn it bedrach op nei tsientûzen euro.
- Foar 'e nije software ha ik betelle fia PayPal.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
bewege - bewegen
Regelmjittich tiidwurd
ik beweech
do beweechst
hy beweecht
wy bewege
ik beweegde
do beweegdest
hy beweegde
wy beweegden
ik haw beweegd
Foarbylden:
- Op 'e basisskoalle is it tal bern dat foldwaande beweecht tanommen.
- Sa'n 30 prosint fan 'e minsken beweegde ferline jier net genôch.
- Hoe soene je no útlizze kinne wat bestjoerders beweegd hat om 'e plannen te feroarjen.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
boadskipje - boodschappen doen
Regelmjittich tiidwurd
ik boadskipje
do boadskippest
hy boadskippet
wy boadskipje
ik boadskippe
do boadskippest
hy boadskippe
wy boadskippen
ik haw boadskippe
Foarbylden:
- De boeremerk blykt in sukses, in protte minsken komme dêr te boadskipjen.
- Wy moasten der eefkes op út, om te boadskipjen.
- Us mem hie boadskippe yn 'e renovearre winkel fan Dijkstra.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
boartsje - spelen (van kinderen)
Regelmjittich tiidwurd
ik boartsje
do boartest
hy boartet
wy boartsje
ik boarte
do boartest
hy boarte
wy boarten
ik haw boarte
Foarbylden:
- Ik wol net boartsje, eamele de beuker.
- De bern boarten de hiele middei op 'e pleats.
- Hei jonges, hawwe jimme al boarte yn 'e nije sânbak?
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
boaskje - trouwen
Regelmjittich tiidwurd
ik boaskje
do boaskest
hy boasket
wy boaskje
ik boaske
do boaskest
hy boaske
wy boasken
ik haw boaske
Foarbylden:
- De klokken liede, we boaskje hjoed!
- Rembrandt en Saskia boasken yn 'e tsjerke fan Sint Anne.
- Lokwinske, jimme binne 50 jier boaske en hâlde noch altyd faninoar.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
bouwe - bouwen
Regelmjittich tiidwurd
ik bou
do boust
hy bout
wy bouwe
ik boude
do boudest
hy boude
wy bouden
ik haw boud
Foarbylden:
- Moatst in fergunning oanfreegje foar it ferbouwen fan dyn hûs.
- De oannimmer boude foar himsels in dreamhûs.
- De programmeur hat in nij webstee boud.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
brâne - branden
Regelmjittich tiidwurd
ik brân
do brânst
hy brânt
wy brâne
ik brânde
do brândest
hy brânde
wy brânden
ik haw brând
Foarbylden:
- It famke brânt fan langstme nei har leafste.
- De restaurearre mûne brânde oan 'e grûn ta ôf.
- De sjonger hat in cd foar my brând.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
diele - delen
Regelmjittich tiidwurd
ik diel
do dielst
hy diel
wy diele
ik dielde
do dieldest
hy dielde
wy dielden
ik haw dield
Foarbylden:
- Sille wy de kosten fan it iten diele?
- De mem fan 'e breid dielde yn 'e freugde fan har dochter.
- Fjirtjin dield troch twa is sân.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
dinearje - dineren
Regelmjittich tiidwurd
ik dinearje
do dinearrest
hy dinearret
wy dinearje
ik dinearre
do dinearrest
hy dinearre
wy dinearren
ik haw dinearre
Foarbylden:
- Sille wy freedtejûn wer gesellich dinearje yn 'e nije bistro?
- Eartiids dinearren wy hast alle wiken, hieltyd yn in oar restaurant.
- Wy hawwe fegetarysk dinearre, it wie hearlik!
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
draaie - draaien
Regelmjittich tiidwurd
ik draai
do draaist
hy draait
wy draaie
ik draaide
do draaidest
hy draaide
wy draaiden
ik haw draaid
Foarbylden:
- Kinst it lêste nûmer fan Taylor Swift draaie?
- It draaide ôfrûne moanne goed op it wurk.
- Ik haw wol tsien minuten rûntsjes draaid yn in botsauto op 'e merke.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
drave - draven, hollen, rennen
Regelmjittich tiidwurd
ik draaf
do draafst
hy draaft
wy drave
ik draafde
do draafdest
hy draafde
wy draafden
ik haw draafd
Foarbylden:
- Ik draaf noch eefkes nei de bakker en slachter foar broadsjes en fleisguod.
- De bern draafden efter de prealweinen mei blommen oan.
- De estafetteploech hat draafd as hong har libben derfan ôf.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
dreame - dromen
Regelmjittich tiidwurd
ik dream
do dreamst
hy dreamt
wy dreame
ik dreamde
do dreamdest
hy dreamde
wy dreamden
ik haw dreamd
Foarbylden:
- Ik dream nea, sei de sliepkop.
- Us omke en muoike dreamden fan in nij hûs mei rom sicht.
- Ik ha fan dy dreamd Aafke, sei de fereale jonge.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
dûnsje - dansen
Regelmjittich tiidwurd
ik dûnsje
do dûnsest
hy dûnset
wy dûnsje
ik dûnse
do dûnsest
hy dûnse
wy dûnsen
ik haw dûnse
Foarbylden:
- Wolst mei my dûnsje, Aafke?
- Wy dûnsen de hiele nacht yn 'e nije diskoteek.
- Ik haw dûnse oant myn fuotten sear dienen.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
dûse - douchen
Regelmjittich tiidwurd
ik dûs
do dûst
hy dûst
wy dûse
ik dûste
do dûstest
hy dûste
wy dûsten
ik haw dûst
Foarbylden:
- De ferkeaper fan badkeamers frege oft wy mear hâlden fan dûsen of baaien.
- Wy dûsten wer ris tegearre, hiel gesellich en duorsum.
- Ik haw my justerjûn al dûst, dat ik kin hjoed gau nei it wurk ta.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
e-maile - e-mailen
Regelmjittich tiidwurd
ik e-mail
do e-mailst
hy e-mailt
wy e-maile
ik e-mailde
do e-maildest
hy e-mailde
wy e-mailden
ik haw e-maild
Foarbylden:
- Ik fyn appe makliker as e-maile, sei beppe.
- De freondinnen e-mailden elkoar alle jûnen.
- De sekretaresse hat de notulen e-maild nei de direkteur.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fabrisearje - fabriceren
Regelmjittich tiidwurd
ik fabrisearje
do fabrisearrest
hy fabrisearret
wy fabrisearje
ik fabrisearre
do fabrisearrest
hy fabrisearre
wy fabrisearren
ik haw fabrisearre
Foarbylden:
- Sina fabrisearret produkten foar 'e hiele wrâld.
- Us fabryk fabrisearre ferline jier 10 persint mear as dit jier.
- Yn Fryslân wurdt túnark fabrisearre en eksportearre.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fergrieme - verkwisten
Regelmjittich tiidwurd
ik fergriem
do fergriemst
hy fergriemt
wy fergrieme
ik fergriemde
do fergriemdest
hy fergriemde
wy fergriemden
ik haw fergriemd
Foarbylden:
- Jo fergrieme jo tiid mei dat ûndersyk.
- De stêd fergriemde in soad jild oan 'e nije brêge.
- Wy wollen fergriemd iten minimalisearje.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fersekerje - verzekeren
Regelmjittich tiidwurd
ik fersekerje
do fersekerest
hy fersekeret
wy fersekerje
ik fersekere
do fersekerest
hy fersekere
wy fersekeren
ik haw fersekere
Foarbylden:
- Ek de selsstannige wol him fersekerje tsjin syktekosten.
- De nije bewenner fersekere syn hûs tsjin brânskea.
- De fuotballer hat syn foet foar 1 miljoen euro fersekere.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
ferstjoere - versturen
Regelmjittich tiidwurd
ik ferstjoer
do ferstjoerst
hy ferstjoert
wy ferstjoere
ik ferstjoerde
do ferstjoerdest
hy ferstjoerde
wy ferstjoerden
ik haw ferstjoerd
Foarbylden:
- Ik wol in pakje ferstjoere nei Skylge.
- De buorfrou ferstjoerde har nijjierswinsken fia WhatsApp.
- De pakketten wurde mei û.o. DPD en Post.nl ferstjoerd.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fertelle - vertellen
Regelmjittich tiidwurd
ik fertel
do fertelst
hy fertelt
wy fertelle
ik fertelde
do ferteldest
hy fertelde
wy fertelden
ik haw ferteld
Foarbylden:
- Fertel ris in mearke, leafst fan Sniewytsje of Readmûtske.
- Pake fertelde syn libbensferhaal mei ynmoed.
- Haw ik dy mop fan 'e dronken fytser al ferteld?
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fertrouwe - vertrouwen
Regelmjittich tiidwurd
ik fertrou
do fertroust
hy fertrout
wy fertrouwe
ik fertroude
do fertroudest
hy fertroude
wy fertrouden
ik haw fertroud
Foarbylden:
- Wat tinkst, kinne we de nije bestjoerder fertrouwe?
- Mar ik fertroude dy, sei se mei triennen yn 'e eagen.
- De wethâlder hat it fertrouwen fan 'e mienskip beskamme.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fertsjinje - verdienen
Regelmjittich tiidwurd
ik fertsjinje
do fertsjinnest
hy fertsjinnet
wy fertsjinje
ik fertsjinne
do fertsjinnest
hy fertsjinne
wy fertsjinne
ik haw fertsjinne
Foarbylden:
- Do fertsjinnest better as dit útlibbe hierappartemint.
- It wurk fertsjinne goed, mar ik wie trije kear oerspand.
- De oerpleatsing is syn fertsjinne lean, ik ha him nea lije mocht.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fiele - voelen
Regelmjittich tiidwurd
ik fiel
do fielst
hy fielt
wy fiele
ik fielde
do fieldest
hy fielde
wy fielden
ik haw field
Foarbylden:
- Wat ik foar dy fiel is mei gjin tûzen gedichten te beskriuwen.
- Hy fielde him sa sterk, sei de atleet nei it winnen fan 'e maraton.
- Gelokkich ha ik de pine yn 'e knibbel al in skoftsje net field.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fiere - vieren, voeren
Regelmjittich tiidwurd
ik fier
do fierst
hy fiert
wy fiere
ik fierde
do fierdest
hy fierde
wy fierden
ik haw fierd
Foarbylden:
- De bollejagers balten: aksje, aksje, we sille aksjefiere!
- Wy fierden it lustrum mei de famylje yn in restaurant mei in Michelinstjer.
- De fierde kabaretier naam ôfskied by in steande ovaasje.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
folgje - volgen
Regelmjittich tiidwurd
ik folgje
do folgest
hy folget
wy folgje
ik folge
do folgest
hy folge
wy folgen
ik haw folge
Foarbylden:
- Justysje yn Grikelân sil in Nederlânske man ferfolgje foar de moard op syn frou.
- De riedsleden folge de diskusje mei niget.
- Ik haw de Afûk-kursus Skriuw mar Frysk folge.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
freegje - vragen
Regelmjittich tiidwurd
ik freegje
do fregest
hy freget
wy freegje
ik frege
do fregest
hy frege
wy fregen
ik haw frege
Foarbylden:
- As jimme gjin fragen mear hawwe, dan wol ik jimme wol wat freegje, sei de dosint.
- De buorlju fregen it útliende boek oer kultuer en skiednis werom.
- Se hawwe my frege om yn it konsertgebou op te treden, jubele de artyst.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fuotbalje - voetballen
Regelmjittich tiidwurd
ik fuotbalje
do fuotballest
hy fuotballet
wy fuotbalje
ik fuotballe
do fuotballest
hy fuotballe
wy fuotballen
ik haw fuotballe
Foarbylden:
- It jeugdteam fuotballet meastal op 'e sneontemoarn.
- Hy fuotballe ferline jier noch yn Spanje, mar fertsjinnet no twa kear safolle yn it Midden-Easten.
- De froulju fan Oranje hawwe fuotballe tsjin België.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
fytse - fietsen
Regelmjittich tiidwurd
ik fyts
do fytst (ek fytste)
hy fytst
wy fytse
ik fytste
do fytstest
hy fytste
wy fytsten
ik haw fytst
Foarbylden:
- Slach rjochtsôf en fyts oer 'e reed nei it lânhûs.
- Wy fytsten de Alvestêdetocht yn fjouwer dagen.
- De bern hawwe tegearre op 'e trijetsjiller fytst.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
genietsje - genieten
Regelmjittich tiidwurd
ik genietsje
do genietest
hy genietet
wy genietsje
ik geniete
do genietest
hy geniete
wy genieten
ik haw geniete
Foarbylden:
- It is tiid om fan it moaie waar te genietsjen.
- Wy genieten fan it lekkere iten.
- Wy hawwe geniete fan 'e moaie televyzjeútstjoering.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
goaie - gooien
Regelmjittich tiidwurd
ik goai
do goaist
hy goait
wy goaie
ik goaide
do goaidest
hy goaide
wy goaiden
ik haw goaid
Foarbylden:
- Hy goait de hânbal by fersin nei de tsjinpartij.
- Us dochter goaide al har sjarme yn 'e striid om it sinjearre boek te bemachtigjen.
- Heit hat de bern yn it bûtenbad goaid.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
groeie - groeien
Regelmjittich tiidwurd
ik groei
do groeist
hy groeit
wy groeie
ik groeide
do groeidest
hy groeide
wy groeide
ik haw groeid
Foarbylden:
- De tomateplanten groeie dit jier net sa goed.
- De eksoatyske planten groeiden sa hurd dat se alles oerwoekeren.
- De stjerspiler is groeid yn syn rol as oanfierder.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
gûle - huilen
Regelmjittich tiidwurd
ik gûl
do gûlst
hy gûlt
wy gûle
ik gûlde
do gûldest
hy gûlde
wy gûlden
ik haw gûld
Foarbylden:
- Stil mar leave, net gûle, de toskedokter is hast klear.
- De bern gûlden sa lûd dat de oerbuorlju yn noed sieten.
- Myn sustersdochter hat fan blydskip gûld om it winnen fan it sjongkonkoers.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
harkje - luisteren
Regelmjittich tiidwurd
ik harkje
do harkest
hy harket
wy harkje
ik harke
do harkest
hy harke
wy harken
ik haw harke
Foarbylden:
- Ik harkje faak nei podcasts, foaral dy mei misdiedferhalen.
- De lesgongers harken mei niget nei jo yntroduksje oer wetterstof.
- Hiest mar better harke, dan wie dit net bard.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
hearre - horen
Regelmjittich tiidwurd
ik hear
do hearst
hy heart
wy hearre
ik hearde
do heardest
hy hearde
wy hearden
ik haw heard
Foarbylden:
- Kreas hear, dat artikel oer 'e enerzjyfoarsjenning yn 'e krante.
- Wat fijn, ik hearde datst in nije freondinne hast!
- Wy wolle dat ús arguminten oer enerzjybesparring heard wurde.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
helje - halen
Regelmjittich tiidwurd
ik helje
do hellest
hy hellet
wy helje
ik helle
do hellest
hy helle
wy hellen
ik haw helle
Foarbylden:
- Hellest hjoed de bern op fan skoalle, ik moat oerwurkje.
- Doe ’t der donkere wolken oankamen helle se fluch de wask yn.
- Ik ha de finish fan 'e fjouwerdagetocht mei muoite helle.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
hiere - huren
Regelmjittich tiidwurd
ik hier
do hierst
hy hiert
wy hiere
ik hierde
do hierdest
hy hierde
wy hierden
ik haw hierd
Foarbylden:
- De huzen binne sa djoer, ik wol earst in pear jier hiere.
- Wy hierden in fyts yn 'e simmerfakânsje.
- Ik haw in wenning hierd yn 'e tsjerkebuorren fan Harns.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
hoege - hoeven
Regelmjittich tiidwurd
ik hoech
do hoechst
hy hoecht
wy hoege
ik hoegde
do hoegdest
hy hoegde
wy hoegden
ik haw hoegd
Foarbylden:
- Ik soe bliid wêze asto helpst, mar it hoecht net.
- It hoegde al net mear, skreau er yn 'e e-mail.
- Hoechst nearne bang foar te wêzen.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
hoopje - hopen
Regelmjittich tiidwurd
ik hoopje
do hopest
hy hopet
wy hoopje
ik hope
do hopest
hy hope
wy hopen
ik haw hope
Foarbylden:
- Wy hoopje datsto ek nei 'e resepsje yn Frentsjer komst.
- Hy hope op sinneskynwaar yn it wykein.
- Ik hie hope op in bettere ûnkostefergoeding fan 'e wurkjouwer.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
hottefylje - kibbelen
Regelmjittich tiidwurd
ik hottefylje
do hottefilest
hy hottefilet
wy hottefylje
ik hottefile
do hottefilest
hy hottefile
wy hottefilen
ik haw hottefile
Foarbylden:
- Wêrom hottefylje jimme dochs de hiele dei?
- De famkes hottefilen om 'e nije jeans.
- Sy hawwe hottefile om neat.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
iepenje - openen
Regelmjittich tiidwurd
ik iepenje
do iepenest
hy iepenet
wy iepenje
ik iepene
do iepenest
hy iepene
wy iepenen
ik haw iepene
Foarbylden:
- Noch twa wiken dan iepenet it nije swimbad.
- Hy iepene de doar sûnder der om te tinken wa't der oanbelle hie.
- De foarsitter hat de gearkomste fan 'e sylferieniging iepene.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
keare - keren
Regelmjittich tiidwurd
ik kear
do kearst
hy keart
wy keare
ik kearde
do keardest
hy kearde
wy kearden
ik haw keard
Foarbylden:
- Kinst de matematyske formule ek omkeare, sei de dosint.
- De demonstranten kearden harren tsjin de plysje.
- De kânsen binne keard foar 'e politike partij.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
klaaie - kleden
Regelmjittich tiidwurd
ik klaai
do klaaist
hy klaait
wy klaaie
ik klaaide
do klaaidest
hy klaaide
wy klaaiden
ik haw klaaid
Foarbylden:
- Ik klaai my graach neffens de lêste moade, sei de filmstjer.
- Wy ferklaaiden ús yn in clownspak foar it karnaval.
- Sy hat har gau omklaaid foardat se mei har freonen nei it festival ôfreizge.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
klappe - klappen
Regelmjittich tiidwurd
ik klap
do klapst
hy klapt
wy klappe
ik klapte
do klaptest
hy klapte
wy klapten
ik haw klapt
Foarbylden:
- It publyk klapt lûd nei it moaie iepenloftspul.
- It sirkus wie noch net begûn, mar de bern klapten al fan wille yn 'e hannen.
- De wein is mei hege faasje tsjin in lantearnepeal klapt.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
knippe - knippen
Regelmjittich tiidwurd
ik knip
do knipst
hy knipt
wy knippe
ik knipte
do kniptest
hy knipte
wy knipten
ik haw knipt
Foarbylden:
- Wêrom knipsto hieltyd mei dyn fingers?
- It famke knipte har eks-freon út 'e foto.
- Myn hier is koart knipt foar 'e simmer.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
kostje - kosten
Regelmjittich tiidwurd
ik kostje
do kostest
hy kostet
wy kostje
ik koste
do kostest
hy koste
wy kosten
ik haw koste
Foarbylden:
- Wat kostet in hamburger mei friet en kola?
- In jiermannich lyn koste myn autofersekering de helte fan no.
- It hat in lyts fermogen koste, mar ik haw lang om let myn rydbewiis.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
lade - laden
Regelmjittich tiidwurd
ik laad
do laadst
hy laadt
wy lade
ik lade
do ladest
hy lade
wy laden
ik haw laad (ek laden)
Foarbylden:
- Helpst eefkes mei it útladen fan it swiere pakket?
- Ik lade de batterij fan myn telefoan op.
- Wy hawwe de koffers yn 'e auto laad en geane nei Skiphol.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
leare - leren
Regelmjittich tiidwurd
ik lear
do learst
hy leart
wy leare
ik learde
do leardest
hy learde
wy learden
ik haw leard
Foarbylden:
- Om dyn fakkennis by te hâlden moatst hjoed de dei learen bliuwe.
- Op 'e basisskoalle learden wy taal en rekkenjen.
- Ik haw de ûnregelmjittige tiidwurden út 'e holle leard.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
leauwe - geloven
Regelmjittich tiidwurd
ik leau
do leaust
hy leaut
wy leauwe
ik leaude
do leaudest
hy leaude
wy leauden
ik haw leaud
Foarbylden:
- It is hast net te leauwen dat der sa'n soad tiidwurden binne.
- Sy leaude as bern al yn it hjirneimels.
- De wittenskipper hat altyd leaud yn 'e foarútgong fan it minskdom.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
libje - leven
Regelmjittich tiidwurd
ik libje
do libbest
hy libbet
wy libje
ik libbe
do libbest
hy libbe
wy libben
ik haw libbe
Foarbylden:
- It libben is in feestje, moatst wol sels de slingers ophingje.
- Sy libben noch lang en lokkich.
- Hy hat twa jier op kosten 'e fan mienskip libbe.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
lokwinskje - feliciteren, gelukwensen
Regelmjittich tiidwurd
ik lokwinskje
do lokwinskest
hy lokwinsket
wy lokwinskje
ik lokwinske
do lokwinskest
hy lokwinske
wy lokwinsken
ik haw lokwinske
Foarbylden:
- De trainer lokwinsket it hânbalteam mei de oerwinning.
- Wy lokwinsken ús buorman mei syn promoasje.
- Fan herte lokwinske mei dyn santjinde jierdei.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
moetsje - ontmoeten
Regelmjittich tiidwurd
ik moetsje
do moetest
hy moetet
wy moetsje
ik moete
do moetest
hy moete
wy moeten
ik haw moete
Foarbylden:
- Ik hoopje myn konkurrint net te moetsjen by de presintaasje fan 'e leveransier.
- Sy moete har leafste by in rûnlieding yn it keninklik paleis.
- Ik bin sa bliid dat ik dy moete haw!
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
motivearje - motiveren
Regelmjittich tiidwurd
ik motivearje
do motivearrest
hy motivearret
wy motivearje
ik motivearre
do motivearrest
hy motivearre
wy motivearren
ik haw motivearre
Foarbylden:
- Wat motivearret jo om dizze kompjûterkursus te folgjen?
- De salarisferheging motivearre ús om noch hurder te wurkjen.
- Us soan is tige motivearre om it famyljebedriuw oer te nimmen.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
muoie - betreuren, spijten
Regelmjittich tiidwurd
ik muoi
do muoist
hy muoit
wy muoie
ik muoide
do muoidest
hy muoide
wy muoiden
ik haw muoid
Foarbylden:
- It muoit my dat wy jo kontrakt net ferlingje kinne.
- It muoide him dat it wurk net op 'e tiid klear wie.
- It hat my tige muoid dat ik ús troudei fergetten haw.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
oefenje - oefenen
Regelmjittich tiidwurd
ik oefenje
do oefenest
hy oefenet
wy oefenje
ik oefene
do oefenest
hy oefene
wy oefenen
ik haw oefene
Foarbylden:
- Moatst mear oefenje op 'e útspraak fan it Frysk, sei de dosint.
- Wy oefenen dei en nacht, mar it slagge ús net.
- De atleet hat jierren oefene op 'e earste meters fan 'e sprint.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
organisearje - organiseren
Regelmjittich tiidwurd
ik organisearje
do organisearrest
hy organisearret
wy organisearje
ik organisearre
do organisearrest
hy organisearre
wy organisearren
ik haw organisearre
Foarbylden:
- Wolle jo meihelpe mei it organisearjen fan 'e ekskurzje?
- De wedding planner organisearre de folsleine brulloft.
- Yn ferbân mei it 25-jierrige jubileum hat de klup in toernoai organisearre.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
pakke - pakken
Regelmjittich tiidwurd
ik pak
do pakst
hy pakt
wy pakke
ik pakte
do paktest
hy pakte
wy pakten
ik haw pakt
Foarbylden:
- Ik pak pinne en papier om oantekeningen te meitsjen.
- De hûndertjierrige pakte it kado út.
- Hy hat de bûsehifker beetpakt en wachte oant de plysje kaam.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
plakke - plakken
Regelmjittich tiidwurd
ik plak
do plakst
hy plakt
wy plakke
ik plakte
do plaktest
hy plakte
wy plakten
ik haw plakt
Foarbylden:
- Ik plak de stikker efter de autorút.
- Troch de rein plakten de klean my oan de hûd.
- De fotograaf hat alle foto's fan 'e brulloft yn in album plakt.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
prate - praten, spreken
Regelmjittich tiidwurd
ik praat
do praatst
hy praat
wy prate
ik prate
do pratest
hy prate
wy praten
ik haw praat (praten)
Foarbylden:
- Ik haw de kursus 'Praat mar Frysk' folge.
- De politikus prate safolle, as wurdt er per wurd betelle.
- Heit hat lang mei syn soan praat, mar sûnder resultaat.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
reizgje - reizen
Regelmjittich tiidwurd
ik reizgje
do reizgest
hy reizget
wy reizgje
ik reizge
do reizgest
hy reizge
wy reizgen
ik haw reizge
Foarbylden:
- It reizgjen mei it iepenbier ferfier is maklik en duorsum.
- De freonen reizgen mei de trein om 'e wedstriid te sjen.
- Ik haw in soad reizge, mar mei de hjoeddeistige drokte is it net mear sa noflik.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
rekkenje - rekenen
Regelmjittich tiidwurd
ik rekkenje
do rekkenest
hy rekkenet
wy rekkenje
ik rekkene
do rekkenest
hy rekkene
wy rekkenen
ik haw rekkene
Foarbylden:
- De pensjoenfûnsen rekkenje mei in fêste rinte.
- Wy rekkenen op finansjele stipe fan 'e provinsje.
- Eise Eisinga hie de stân fan 'e planeten berekkene.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
reservearje - reserveren
Regelmjittich tiidwurd
ik reservearje
do reservearrest
hy reservearret
wy reservearje
ik reservearre
do reservearrest
hy reservearre
wy reservearren
ik haw reservearre
Foarbylden:
- Wolle jo op 'e tiid reservearje foar 'e Fryske taalkursus.
- Us beppesizzer reservearre fjouwer plakken yn it restaurant.
- It kabinet hat 3 miljard euro reservearre foar 'e nije treinferbining.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
sammelje - verzamelen
Regelmjittich tiidwurd
ik sammelje
do sammelest
hy sammelet
wy sammelje
ik sammele
do sammelest
hy sammele
wy sammelen
ik haw sammele
Foarbylden:
- Sammelest noch hieltyd dvd's fan 007?
- In stikmannich artysten sammelen jild yn mei in benefytkonsert.
- Yn 'e boekekast fynst it sammele wurk fan Dostojevski.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
sette - zetten
Regelmjittich tiidwurd
ik set
do setst
hy set
wy sette
ik sette
do settest
hy sette
wy setten
ik haw set (ek setten)
Foarbylden:
- It festival set op tongersdei útein mei in optreden fan Miss Montreal.
- Dûmny's opmerking fan snein sette my oan it tinken.
- Ik haw it hûs fan Lego wer yn inoar set.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
seure - zeuren
Regelmjittich tiidwurd
ik seur
do seurst
hy seurt
wy seure
ik seurde
do seurdest
hy seurde
wy seurden
ik haw seurd
Foarbylden:
- Sy sit altyd oer it jild te seuren.
- De bern seurden mar troch om in iislolly.
- Jimme hawwe de hiele dei seurd, ophâlde no!
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
skamje - schamen
Regelmjittich tiidwurd
ik skamje
do skammest
hy skammet
wy skamje
ik skamme
do skammest
hy skamme
wy skammen
ik haw skamme
Foarbylden:
- Ik skamje my foar it fytsûngemak.
- Hy skamme him foar syn rapport mei twa ûnfoldwaanden.
- Hawwe jim jim net skamme foar 'e lûdsoerlêst?
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
skilje - bellen
Regelmjittich tiidwurd
ik skilje
do skillest
hy skillet
wy skilje
ik skille
do skillest
hy skille
wy skillen
ik haw skille
Foarbylden:
- Moarn sil ik beppe ris skilje.
- Sy skille alarmnûmer 112 om help te krijen.
- Ik haw mear as tsien kear skille, mar jo namen net op.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
skodzje - schudden
Regelmjittich tiidwurd
ik skodzje
do skoddest
hy skoddet
wy skodzje
ik skodde
do skoddest
hy skodde
wy skodden
ik haw skodde
Foarbylden:
- Ik skodzje myn holle nei syn domme reaksje.
- De hûzen yn Grins skodden op har grûnfesten.
- De kaarten wurde opnij skodde.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
slagje - lukken, slagen
Regelmjittich tiidwurd
ik slagje
do slaggest
hy slagget
wy slagje
ik slagge
do slaggest
hy slagge
wy slaggen
ik bin slagge
Foarbylden:
- Hy slagget hast altyd sûnder folle ynspanning.
- It woe my net slagje om in punt te skoaren.
- Hoera, ik bin slagge foar it eineksamen!
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
spylje - spelen
Regelmjittich tiidwurd
ik spylje
do spilest
hy spilet
wy spylje
ik spile
do spilest
hy spile
wy spilen
ik haw spile
Foarbylden:
- It toanielstik is tige ûnderhâldend en dat is te tankjen oan it entûsjaste spyljen fan 'e akteurs.
- Sy spile in klassyk fioelekonsert.
- De alvetallen hawwe in freonskiplike wedstriid spile.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
smoke - roken
Regelmjittich tiidwurd
ik smook
do smookst
hy smookt
wy smoke
ik smookte
do smooktest
hy smookte
wy smookten
ik haw smookt
Foarbylden:
- Dy't smoke wolle, riskearje har sûnens.
- Wy smookten in joint yn 'e coffee shop.
- De trainer hat in sigaar smookt nei it beheljen fan it kampioenskip.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
sneupe - snuffelen
Regelmjittich tiidwurd
ik sneup
do sneupst
hy sneupt
wy sneupe
ik sneupte
do sneuptest
hy sneupte
wy sneupten
ik haw sneupt
Foarbylden:
- Sy sneupt yn twaddehânsguodwinkels nei moaie artikels.
- Wy sneupten yn 'e boeken om mear ynformaasje.
- De akkountant hat de folsleine administraasje ôfsneupt om flaters te finen.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
sparje - sparen
Regelmjittich tiidwurd
ik sparje
do sparrest
hy sparret
wy sparje
ik sparre
do sparrest
hy sparre
wy sparren
ik haw sparre
Foarbylden:
- Mei it beteljen fan pensjoenpreemje sparrest foar letter.
- Ik sparre in jier foar dizze elektryske fyts.
- It gesin is sparre bleaun by de treinbotsing.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
sporte - sporten
Regelmjittich tiidwurd
ik sport
do sportst
hy sport
wy sporte
ik sporte
do sportest
hy sporte
wy sporten
ik haw sport
Foarbylden:
- Ik sport trije kear wyks.
- Wy sporten mear foar 'e gesellichheid as foar it winnen.
- Yn myn jeugd ha ik in soad sport.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
stelle - stellen
Regelmjittich tiidwurd
ik stel
do stelst
hy stelt
wy stelle
ik stelde
do steldest
hy stelde
wy stelden
ik haw steld
Foarbylden:
- Mei ik dy even foarstelle oan myn freon?
- De boumaatskippij stelde it opleverjen fan 'e wenningen mei twa moannen út.
- Hy hat him kandidaat steld foar it foarsitterskip.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
Tink derom:
"stelle - stelen" is in ûnregelmjittich tiidwurd
(sjoch
hjir).
stimme - stemmen
Regelmjittich tiidwurd
ik stim
do stimst
hy stimt
wy stimme
ik stimde
do stimdest
hy stimde
wy stimden
ik haw stimd
Foarbylden:
- It stimmen is de basis fan ús demokratyske maatskippij.
- Ik stimde eartiids progressiver as no.
- In soad minsken hawwe stimd op 'e partij fan 'e flamboyante lieder.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
stjoere - sturen
Regelmjittich tiidwurd
ik stjoer
do stjoerst
hy stjoert
wy stjoere
ik stjoerde
do stjoerdest
hy stjoerde
wy stjoerden
ik haw stjoerd
Foarbylden:
- Foarsichtich, stjoer mar wat mear nei rjochts!
- Sy stjoerde in berjocht nei alle minsken yn 'e app-groep.
- De ferstjoerde e-mail koe spitigernôch net ûngedien makke wurde.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
stopje - stoppen
Regelmjittich tiidwurd
ik stopje
do stoppest
hy stoppet
wy stopje
ik stoppe
do stoppest
hy stoppe
wy stoppen
ik haw stoppe
Foarbylden:
- De frachtwein stoppet foar 'e slachboom fan it haventerrein.
- Wy stoppen mei tsjinsin by in alkoholkontrôle.
- Ik bin al jierren lyn stoppe mei smoken.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
stypje - ondersteunen
Regelmjittich tiidwurd
ik stypje
do stipest
hy stipet
wy stypje
ik stipe
do stipest
hy stipe
wy stipen
ik haw stipe
Foarbylden:
- De dosint stipet de Fryske taal op in tal skoallen.
- De pakesizzer stipe syn pake ûnderweis nei it sikehûs.
- De mienskip hat altyd de meiminske stipe.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
tankje - danken
Regelmjittich tiidwurd
ik tankje
do tankest
hy tanket
wy tankje
ik tanke
do tankest
hy tanke
wy tanken
ik haw tanke
Foarbylden:
- Tankjewol foar jo gastfrije ûntfangst yn 'e peaskefakânsje.
- Hy tanke elkenien foar it meilibjen nei it tragyske ynsidint.
- Ik haw de advokaat ek út namme fan dy betanke foar syn ynspanning.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
tille - tillen
Regelmjittich tiidwurd
ik til
do tilst
hy tilt
wy tille
ik tilde
do tildest
hy tilde
wy tilden
ik haw tild
Foarbylden:
- Wolst der asjebleaft net sa swier oan tille.
- Ik tilde myn jonkje boppe de holle.
- Ik haw my fertild oan dy grutte doaze mei boeken.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
traapje - trappen
Regelmjittich tiidwurd
ik traapje
do trapest
hy trapet
wy traapje
ik trape
do trapest
hy trape
wy trapen
ik haw trape
Foarbylden:
- Sjoch út, traapje op 'e remme!
- Sy betrape har keardel mei in oar frommis.
- Jimme binne allegearre yn 'e 1 aprilgrap trape.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
traktearje - trakteren
Regelmjittich tiidwurd
ik traktearje
do traktearrest
hy traktearret
wy traktearje
ik traktearre
do traktearrest
hy traktearre
wy traktearren
ik haw traktearre
Foarbylden:
- De sportferiening traktearret yn it jubileumjier op ekstra aktiviteiten.
- Op myn jierdei traktearre ik op selsmakke nútsjekoeke.
- It publyk waard traktearre op ferskate foardrachten fan drumbands.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
túnkje - tuinieren
Regelmjittich tiidwurd
ik túnkje
do túnkest
hy túnket
wy túnkje
ik túnke
do túnkest
hy túnke
wy túnken
ik haw túnke
Foarbylden:
- Túnkjen is myn grutte leafhawwerij, it ûntspant my.
- Wy túnken mei in soad entûsjasme foar 'e priis fan 'e moaiste tún.
- Ik haw lang túnke, dat wy kinne in pear wike op fakânsje.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
tútsje - kussen
Regelmjittich tiidwurd
ik tútsje
do tutest
hy tutet
wy tútsje
ik tute
do tutest
hy tute
wy tuten
ik haw tute
Foarbylden:
- Yn Fryslân sizze we 'tút en derút' yn stee fan 'kiss and ride'.
- In bytsje skruten tute er har op it wang.
- Wy hawwe tute as wie de sûndfloed neiby.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
ûnderhannelje - onderhandelen
Regelmjittich tiidwurd
ik ûnderhannelje
do ûnderhannelest
hy ûnderhannelet
wy ûnderhannelje
ik ûnderhannele
do ûnderhannelest
hy ûnderhannele
wy ûnderhannelen
ik haw ûnderhannele
Foarbylden:
- Oer dizze betingst falt net te ûnderhanneljen.
- Wurkjouwers en wurknimmers ûnderhannelen de hiele nacht oer in nije kollektive arbeidsoerienkomst.
- It resultaat dat ûnderhannele waard is fêstlein yn in akkoart.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
ûntwikkelje - ontwikkelen
Regelmjittich tiidwurd
ik ûntwikkelje
do ûntwikkelest
hy ûntwikkelet
wy ûntwikkelje
ik ûntwikkele
do ûntwikkelest
hy ûntwikkele
wy ûntwikkelen
ik haw ûntwikkele
Foarbylden:
- De studinte Psychology ûntwikkelet har goed.
- De technisy ûntwikkelen in nije tapassing foar 'e bedriuwsfiering.
- As ûntwikkele lân moatte wy de enerzjyproblemen oplosse kinne.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
wachtsje - wachten
Regelmjittich tiidwurd
ik wachtsje
do wachtest
hy wachtet
wy wachtsje
ik wachte
do wachtest
hy wachte
wy wachten
ik haw wachte
Foarbylden:
- De skriuwer wachtet al trije jier op ynspiraasje.
- Se wachte by de rinnende bân oant se har wykeintas oankommen seach.
- Ik haw wachte op 'e nije ferzje fan it bestjoeringssysteem.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
warskôgje - waarschuwen
Regelmjittich tiidwurd
ik warskôgje
do warskôgest
hy warskôget
wy warskôgje
ik warskôge
do warskôgest
hy warskôge
wy warskôgen
ik haw warskôge
Foarbylden:
- Wolle jo my warskôgje as de monteur foar 'e sintrale ferwaarming der is?
- De matriksbuorden boppe de sneldyk warskôgen foar 'e file.
- Ik ha dy twa kear warskôge, no wurdst skorst foar ien moanne.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
wenje - wonen
Regelmjittich tiidwurd
ik wenje
do wennest
hy wennet
wy wenje
ik wenne
do wennest
hy wenne
wy wennen
ik haw wenne
Foarbylden:
- Ik wenje yn 'e moaiste provinsje fan Nederlân.
- Eartiids wennen turfstekkers yn in spitkeet.
- Hasto lang gearwenne mei dyn freon?
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
wenne - wennen
Regelmjittich tiidwurd
ik wen
do wenst
hy went
wy wenne
ik wende
do wendest
hy wende
wy wenden
ik bin wend
Foarbylden:
- Wenst maklik oan in nij libben yn Spanje?
- Hy wende net oan 'e learen steunsoallen.
- Ik bin wend betiid fan 't bêd ôf te gean om 'e hûn út te litten.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
werhelje - herhalen
Regelmjittich tiidwurd
ik werhelje
do werhellest
hy werhellet
wy werhelje
ik werhelle
do werhellest
hy werhelle
wy werhellen
ik haw werhelle
Foarbylden:
- De foarmen fan it ljochtkeunstwurk lykje harsels ûneinich te werheljen.
- De wittenskippers werhellen it nuvere eksperimint.
- De steatssekretaris hat werhelle dat de militêre oefeningen nedich binne.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
winkelje - winkelen
Regelmjittich tiidwurd
ik winkelje
do winkelest
hy winkelet
wy winkelje
ik winkele
do winkelest
hy winkele
wy winkelen
ik haw winkele
Foarbylden:
- Wy sille te winkeljen yn Ljouwert.
- Sy winkelen oeren oanien foar 'e nijste skuon.
- It optreden fan 'e sjonggroep tusken it winkeljende publyk wie in grut sukses.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
winskje - wensen
Regelmjittich tiidwurd
ik winskje
do winskest
hy winsket
wy winskje
ik winske
do winskest
hy winske
wy winsken
ik haw winske
Foarbylden:
- Ik winskje dy in soad wille mei dyn nije wurk.
- Sy winske him in protte sterkte ta mei it ferlies.
- Myn besykjen hie net it winske effekt.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
wurkje - werken
Regelmjittich tiidwurd
ik wurkje
do wurkest
hy wurket
wy wurkje
ik wurke
do wurkest
hy wurke
wy wurken
ik haw wurke
Foarbylden:
- De kollega's sitte foar de doer fan ien wike yn myn kantoar om te wurkjen oan it projekt.
- Doe wurke hy noch op 'e redaksje fan it webstee.
- Ik haw wurke yn 'e sjoernalistyk sûnt 2015.
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.
ymportearje - importeren
Regelmjittich tiidwurd
ik ymportearje
do ymportearrest
hy ymportearret
wy ymportearje
ik ymportearre
do ymportearrest
hy ymportearre
wy ymportearren
ik haw ymportearre
Foarbylden:
- Wy ymportearje wyn en tsiis út Frankryk.
- Yn 2023 ymportearren bedriuwen út Sina Nederlânske blommen mei in wearde fan 10 miljoen euro.
- Hawwe jo de list mei telefoannûmers fan 'e meiwurkers ymportearre yn 'e spreadsheet?
Sjoch de
Ynfo-side foar útlis.