Sjoch de top 100 fan regelmjittige tiidwurden foar mear foarbylden.
Algemiene ferbûgingsregels
Yn 'e Paadwizer fan Frysker
fynst algemiene regels foar 'e ferbûging fan tiidwurden. Hjirûnder steane foarbylden fan dizze regels
(klik op 'e plus + om 'e ferbûgingen te sjen).
■ Einlûdferskerping
In lûd oan it ein fan in ferbûging wurdt ferskerpe by:
v ➔ f
z ➔ s
g ➔ ch
Foarbylden:
beve - beven
ik beef do beefst hy beeft wy beve
ik beefde do beefdest hy beefde wy beefden
ik haw beefd
drave - draven, hollen, rennen
ik draaf do draafst hy draaft wy drave
ik draafde do draafdest hy draafde wy draafden
ik haw draafd
gnuve - gluren, loeren
ik gnúf do gnúfst hy gnúft wy gnuve
ik gnúfde do gnúfdest hy gnúfde wy gnúfden
ik haw gnúfd
knieze - kneuzen
ik knies do kniest hy kniest wy knieze
ik kniesde do kniesdest hy kniesde wy kniesden
ik haw kniesd
prûze - prakken
ik prûs do prûst hy prûst wy prûze
ik prûsde do prûsdest hy prûsde wy prûsden
ik haw prûsd
raze - razen, schreeuwen
ik raas do raast hy raast wy raze
ik raasde do raasdest hy raasde wy raasden
ik haw raasd
bewege - bewegen
ik beweech do beweechst hy beweecht wy bewege
ik beweegde do beweegdest hy beweegde wy beweegden
ik haw beweegd
bûge - buigen
ik bûch do bûchst hy bûcht wy bûge
ik bûgde do bûgdest hy bûgde wy bûgden
ik haw bûgd
doge - deugen
ik dooch do doochst hy doocht wy doge
ik doogde do doogdest hy doogde wy doogden
ik haw doogd
■ Ferdûbeling fan bylûdtekens
Om lêsbetizing tefoaren te kommen, wurde bylûdtekens yn guon gefallen
(sjoch
hjir ) ferdûbele.
Foarbylden:
bedarje - bedaren
ik bedarje do bedarrest hy bedarret wy bedarje
ik bedarre do bedarrest hy bedarre wy bedarren
ik haw bedarre
gnodzje - knabbelen, knagen
ik gnodzje do gnoddest hy gnoddet wy gnodzje
ik gnodde do gnoddest hy gnodde wy gnodden
ik haw gnodde
silje - zeven
ik silje do sillest hy sillet wy silje
ik sille do sillest hy sille wy sillen
ik haw sille
balje - ballen
ik balje do ballest hy ballet wy balje
ik balle do ballest hy balle wy ballen
ik haw balle
duorje - duren
ik duorje do duorrest hy duorret wy duorje
ik duorre do duorrest hy duorre wy duorren
ik haw duorre
kuolje - koelen
ik kuolje do kuollest hy kuollet wy kuolje
ik kuolle do kuollest hy kuolle wy kuollen
ik haw kuolle
■ Ferinkeling fan lûdtekens
Ferinkeling fan lûdtekens komt foar by de lange lûden a, e, i en o.
Foarbylden:
aazje - azen
ik aazje do azest hy azet wy aazje
ik aze do azest hy aze wy azen
ik haw aze
laapje - lappen
ik laapje do lapest hy lapet wy laapje
ik lape do lapest hy lape wy lapen
ik haw lape
waarje - rondwaren, weren
ik waarje do warest hy waret wy waarje
ik ware do warest hy ware wy waren
ik haw ware
ferheelje - verhelen
ik ferheelje do ferhelest hy ferhelet wy ferheelje
ik ferhele do ferhelest hy ferhele wy ferhelen
ik haw ferhele
freegje - vragen
ik freegje do fregest hy freget wy freegje
ik frege do fregest hy frege wy fregen
ik haw frege
smeekje - smeken
ik smeekje do smekest hy smeket wy smeekje
ik smeke do smekest hy smeke wy smeken
ik haw smeke
bedriigje - bedreigen, belagen
ik bedriigje do bedrigest hy bedriget wy bedriigje
ik bedrige do bedrigest hy bedrige wy bedrigen
ik haw bedrige
fergriizje - vergrijzen
ik fergriizje do fergrizest hy fergrizet wy fergriizje
ik fergrize do fergrizest hy fergrize wy fergrizen
ik haw fergrize
piipje - fluiten, piepen
ik piipje do pipest hy pipet wy piipje
ik pipe do pipest hy pipe wy pipen
ik haw pipe
knoopje - knopen
ik knoopje do knopest hy knopet wy knoopje
ik knope do knopest hy knope wy knopen
ik haw knope
loovje - loven, prijzen
ik loovje do lovest hy lovet wy loovje
ik love do lovest hy love wy loven
ik haw love
wanhoopje - wanhopen
ik wanhoopje do wanhopest hy wanhopet wy wanhoopje
ik wanhope do wanhopest hy wanhope wy wanhopen
ik haw wanhope
■ Feroaring fan lûdtekens
Feroaring fan lûdtekens docht him foar by de koarte lûden i en u.
Foarbylden:
hise - hijsen
ik hys do hyst hy hyst wy hise
ik hyste do hystest hy hyste wy hysten
ik haw hyst
kwine - kwijnen
ik kwyn do kwynst hy kwynt wy kwine
ik kwynde do kwyndest hy kwynde wy kwynden
ik haw kwynd
sile - zeilen
ik syl do sylst hy sylt wy sile
ik sylde do syldest hy sylde wy sylden
ik haw syld
húnje - honen
ik húnje do hunest hy hunet wy húnje
ik hune do hunest hy hune wy hunen
ik haw hune
snuve - snuiven
ik snúf do snúfst hy snúft wy snuve
ik snúfde do snúfdest hy snúfde wy snúfden
ik haw snúfd
strune - struinen
ik strún do strúnst hy strúnt wy strune
ik strúnde do strúndest hy strúnde wy strúnden
ik haw strúnd
Werjefte fan ferbûgingen
Yn 'e panielen mei tiidwurden sjochst de folgjende ynformaasje:
Ikoantsje fan in regelmjittich of
ûnregelmjittich tiidwurd
Kolom links mei notiid
Kolom rjochts mei doetiid
Mulwurd
Foar ûnregelmjittige tiidwurden (opsjoneel): gearstalde tiidwurden mei deselde ferbûging
Ferskate foarbylden
Foar regelmjittige tiidwurden: in ferwizing nei útlis op 'e Ynfo-side
Yn 'e panielen jildt hy ek foar sy en it.
En wy jildt ek foar jimme, jo en sy.
Foarbylden:
Panielen mei tiidwurden harkje en sjen
(klik op in paniel foar in fergrutting)
Set de Tiidwurden web-app op dyn mobyltsje
Kinst in web-app meitsje fan tiidwurden.frl. Dêrmei krijst in ikoantsje fan
it webstee op it startskerm fan dyn smartphone of tablet en wurket it webstee lykas in app:
Tiidwurden.frl as web-app op in iPhone en op in Android smartphone
(klik op in ôfbylding foar in fergrutting)
Folgje dizze stappen om it ikoantsje op dyn iPhone of iPad te setten:
start de ynternet-app Safari en sykje de Thús-side fan tiidwurden.frl op.
Klik op it Diele-ikoantsje . Kies "Set op begjinskerm" en klik op "Tafoegje".
Folgje dizze stappen om it ikoantsje op dyn Android smartphone of tablet te setten:
start de ynternet-app Chrome en sykje de Thús-side fan tiidwurden.frl op.
Klik op 'e trije puntsjes rjochtsboppe. Kies "Tafoegje oan startskerm" en klik op "Tafoegje".
Tips foar it brûken fan dit webstee
De Thús-side mei de Fryske en Nederlânske alfabetten is it begjinpunt fan sykjen.
Om it maklik te meitsjen stean op alle siden ikoantsjes fan Thús, sa bist samar werom by it begjin.
Krekt as by de measte websteeën, kinst ek boppe-oan alle siden op it logo fan Fryske tiidwurden klikke om
by Thús werom te kommen.
Kinst de tekst net goed lêze? Klik dan boppe-oan 'e side op Byld en kies in oare lettergrutte en/of eftergrûnkleur.
By guon tiidwurden hinget de betsjutting ôf fan 'e klam. De klam wurdt yn dy gefallen werjûn troch fet printe tekst. Bygelyks "foarsizze" en "foarsizze" (sjoch by sizze).
It webstee is frij fan advertinsjes en der wurde ek gjin cookies fan Facebook, Google of oare kommersjele bedriuwen pleatst. Kinst dus mei in gerêst hert surfe.
Kinst de ynformaasje op dit webstee sels brûke, mei oaren diele, yn b.g. in kursus brûke of op in oare wize benutsje om kennis fan 'e Fryske taal te fergrutsjen.
Brûk dêrby it webstee of neam tiidwurden.frl as boarne.
Tips foar it sykjen: 1. Sykwizen
De tiidwurden steane yn in tabel mei twa kolommen en in protte rigels:
Yn 'e kolom links steane de alfabetysk sortearre tiidwurden, yn it Frysk of yn it Nederlânsk.
Yn 'e kolom rjochts steane de oersettingen, somtiden mei ekstra útlis.
Yn it sykfjild boppe de tabel kinst in sykopdracht type.
De standert sykwize brûkt de folsleine rigel
As de tekst yn dyn sykopdracht foarkomt op in rigel (yn 'e kolom links en/of de kolom rjochts), dan
sjochst dy rigel yn it sykresultaat.
Dizze standert sykwize brûkt dus de folsleine rigel om 'e sykopdracht te finen.
Sykwize kolom links begjinnend mei...
As dyn sykopdracht foarkomt yn 'e kolom links oan it begjin fan in tiidwurd, dan sjochst dy rigel yn it sykresultaat.
Yn it sykfjild kinst in lûd sûnder aksintteken type. Bygelyks: "halde" jout ek "hâlde".
It typen fan in haadletter is lyksa net nedich.
Hast niiskrekt socht en wolst dan in nije sykopdracht jaan?
Klik op it werom-ikoantsje om op 'e nij te sykjen.
Wolst alle gearstalde tiidwurden fine fan b.g. rinne? Typ
op 'e side
Alle tiidwurden: Frysk - Nederlânsk
allinnich "rinne" yn it sykfjild en fynst mear as tachtich gearstalde tiidwurden, fan achterrinne oant ynrinne.
Kinst ek ferskate stikjes tekst yn 'e sykopdracht brûke.
B.g. ast "fer earje" typst, dan krijst alle rigels mei "fer" en "earje".
Oer ús
It webstee Fryske tiidwurden wurdt makke troch de neikommende leafhawwers fan 'e Fryske taal:
Els Zijlstra-Zijlstra, redaksjelid
Berne yn Hoorn. Wennet yn Oerterp. Hat trije bern en fjouwer
beppesizzers. Aktyf as learkrêft oan 'e Librije op 'e Gerdyk. Dêrneist is sy
lesjouwer by de Afûk. As skoalstiper by Semko komt sy by ferskate
skoallen om it Frysk te stypjen. De Fryske taal hat sy heech yn it findel
stean. Aldus Els: 'dizze side is absolút in ferriking foar de taal'.
Klaas Hoekstra, redaksjelid
Berne yn 'e súdwesthoeke fan Fryslân. Omtrint 40 jier les jûn oan 1000 bern op 4 ferskillende
basisskoallen yn Woerden en Drachten.
Dernjonken hat hy as twadde "hobby" 1000 wedstriden laat as skiedsrjochter fan 'e KNVB - noord.
No spilet er jeu de boules en biljarte yn 'e gâns frije tiid.
Henk Schaap, websteemakker
Henk hat in ICT-eftergrûn en oan in soad projekten yn ferskate lannen wurke.
No rjochtet er him op it helpen fan partikulieren mei de útdagingen fan 'e digitale maatskippij.
Hy is berne yn West-Fryslân en wennet sûnt koart yn Fryslân.
Om 'e Fryske taal better te learen komme de tiidwurden op dit webstee goed fan pas.